Stunt

In stunt mei pyrotechnyk.

In stunt (in resint lienwurd út it Ingelsk) is in ûngewoane en fysyk dreech te folbringen prestaasje of hanneling dêr't spesjalistyske kennis en feardichheid foar fereaske is en dy't bedoeld is foar artistyk effekt yn in film, op 'e tillefyzje of by teäter. Men kin dan tinke oan it fallen fan in fjouwerjend hynder, it springen fan in heech gebou of út in ridende auto of it ûntsnappen oan in brân of in ûntploffing. Stunts wurde rekkene ta de special effects.

Stunts wurde ornaris útfierd troch in stuntman of -frou of troch in team fan ferskate stuntlju, om't se te gefaarlik binne foar gewoane akteurs. Stuntlju binne traind om stunts út te fieren sûnder dêr kleanskuorren oan oer te hâlden, hoewol't it ek by harren geregeldwei mis giet, soms mei de dea ta gefolch. Guon akteurs steane derom bekend dat se de measte stunts sels dogge, lykas Tom Cruise. Sokken traine dêr lykwols in protte foar, krekt as gewoane stuntlju.

De measte akteurs wurde, as foar harren rol yn in film of tillefyzjeprogramma ferlet is fan dielname oan in stunt, lykwols ferfongen troch in stunt double: in stuntman dy't deselde klean draacht as sy, en soms ek in prúk en/of make-up. De kameraregisseur soarget der dan foar dat de stunt double net dúdlik yn byld brocht wurdt, mar inkeld fan efteren of fansiden mei de holle ôfkeard, of fan lichem mar inkeld oan 'e hals ta. Oanfolle mei close-ups fan it gesicht fan 'e eigentlike akteur of aktrise liket it dan letter krekt as fiert dy de stunt sels út.


Developed by StudentB